De tiid hâldt gjin skoft, dat song Selskip Tetman de Vries al yn 1944. Dat ûnderfyn ik ek. De sân jier as foarsitter by de Unie fan Frijwilliggers binne omflein; it wie betiden in deitaak. Mei nocht en wille haw ik my ynset, mar it is no genôch. Lokkich binne der nij betûfte bestjoersleden fûn en ik winskje harren in protte sukses mei de fuortsetting fan de stifting.
Ik ha fan de kollega’s in prachtich boek krigen mei leave wurden, poëzy en foto’s. Dy jouwe in byld fan ús gearwurking. In moaier ôfskie hie ik myn net winskje kinnen.
“Wat giest no dwaan?”, is my al mannich kear frege. “Do falst yn in gat”. “Neat”, sis ik dan. Ik nim in sabbatical fan in jier. In lege aginda, dwaan wat my útkomt. Of tiid ferknoeie, omlummelje, tiid ferdriuwe. Miskien betink ik wol in moai Frysk wurd foar sabbatical. Ik wachtsje ôf wat der op myn paad komt.
Dirk de Wachter omskriuwt dit treff end yn syn boek Wachten, een levenshouding. Wachtsje sûnder ferwachting, neitinkend. Net mear oan ferwachtings foldwaan. Myn eigen ik, dat ik faak oan de kant skood ha foar, nei’t ik tocht, driuwender saken. It is de tiid, de maatskippij dy’t ferwachtet: flugger en flugger. Mar ik bin no op in leeftyd dat ik de tiid weromsette wol, om’t dy omfl jocht. De Chronos, de kloktiid, haw ik hân. It is tiid foar Kairos: op de goeie mominten dingen dwaan.
Frij om te dwaan en te litten wat ik wol. Ik kin genôch betinke, mar oft ik it dwaan gean dat is ôfwachtsjen. Ik kin hiel goed neat dwaan. In oantal minsken tinke fan net, mar it is echt sa.
Ferfele fyn ik ok. Lykas tiid fergrieme mei Candy Crush en mahjong spylje. It orkest bliuwt, ik ha no alle tiid om te oefenjen. Skriuwe bliuwt ek. En kulturele foarstellingen. Mar allinne as ik der sin oan ha. En ik sil dat earlik sizze as’t my earne foar fregest. Want ik ha no net mear it ferlechje dat ik it te drok ha! ■
Foar alles is in oere
Foar alles is in tiid
(Gerrit Breteler)
