Site pictogram Seniorenkrant

Herinneringen aan de Elfstedentocht – Emiel Wegman

De winter is ten einde. Het was zacht en nat, met een vleugje sneeuw en ijs. De echte fanatieke schaatsers hebben wellicht een paar streken op het ijs gezet, maar een Elfstedentocht was (weer) heel ver weg. Het enige dat we kunnen doen is genieten van de verhalen over eerdere tochten. En die zijn  de moeite van het delen waard! De komende zes dagen vind u de verhalen van Jaap, Emiel, Yme, Jemke, Klaas en Gerry over hun ervaring met een Elfstedentocht die ze hebben gereden.

Emiel Wegman

Reed de Elfstedentocht in 1986 en 1997.

Oantinkens oan de tocht fan 1986:

Yn 1984 bedarre ik as Amsterdammer yn Grou, mei daliks in pear moaie winters. Mei de klúnbrêge yn de Pikmar oer de skossen yn it P.M.-kanaal koest de hiele wrâld wol út. Ik koe al wol wat ride, mar it echte ‘streekjen’ mei de hânnen op ‘e rêch learde ik doe pas.

Yn 1985 siet ik noch foar de televyzje en tocht: dat soe ik ek wol kinne en wolle. Ik ha jûns daliks in bryfkaart stjoerd om lid te wurden fan de Alvestêdenferiening en krige in nûmer yn de 9000. It oare jier op 26 febrewaris 1986 koe ik fuort oan de bak.

Op it provinsjehûs dêr’t ik doe wurke, wie it yn de dagen foar it grutte ‘barren’ in gekkeboel. Benammen heucht my de massale oanwêzichheid fan de parse en it pronkjen mei útwrydske Noarse truien van Mart Smeets om alle oanwêzige froulju te ymponearjen.

Ek Hans Wiegel wist mei it brûken fan it wurd ‘bjusterbaarlik’ handich de oandacht te lûken. Ik startte rûn acht oere mei in rêchsek fol muesli repen, bananen en wat drinken. It waar wie goed en troch it grutte tal klúnplakken koe ik al klúnend wol wat ite en hoechde ik fjierder gjin skoft te hâlden.

Ûnderweis allemachtich genoaten fan de sfear, it lânskip en de grutte kloften minsken yn doarpen en stêden lâns de rûte. Nei likernôch tolve oeren gong ik om acht oere jûns op de Bonkefeart oer de fi nish en hie ien fan de moaiste dagen fan myn libben meimakke!

Mobiele versie afsluiten